Moadeketen La Ligna makket trochstart mei minder winkels

02 mrt 2016 - 22:45
  • La Ligna

Moadeketen La Ligna, mei Fryske fêstigingen yn Ljouwert, Drachten en It Hearrenfean, makket in trochstart. Ferline wike waard bekend dat de moadeketen útstel fan betelling oanfrege hie. Fan de 51 winkels bliuwe der nei de trochstart noch 42 oer. Fan de goed 200 meiwurkers kinne der 135 bliuwe. In groep ynvestearders nimt de moadeketen oer. Hokker fêstigings iepenbliuwe is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)