MKB-Noard: "Provinsje moat winkeloanbod better stjoere"

23 mrt 2015 - 16:29
  • Winkelstrjitte De Gracht It Hearrenfean

De provinsje moat him mear bemuoie mei it winkeloanbod yn doarpen en stêden. Dy oprop docht wurkjouwersorganisaasje MKB-Noard oan de provinsjale polityk. Omdat it keapgedrach fan minsken feroaret, komme der hieltiten mear winkels leech te stean.

Doarpen en stêden moatte dêr folle better op ynspylje, mar dat moatte se net elk foar harsels dwaan, seit MKB-Noard. De organisaasje fynt dat de provinsje dêr in stjoerende rol yn hawwe moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)