"MKB moat mear gebrûk meitsje fan jildpotsjes provinsje"

01 apr 2016 - 15:46

MKB-bedriuwen yn Fryslân meitsje te min gebrûk fan de spesjale krediten en ynnovaasjejilden fan de provinsje. Der leit sa'n 40 miljoen euro te wachtsjen. Neffens deputearre Sander de Rouwe komme der net genôch bedriuwen op ôf. Hy wol de kommende tiid minsken beskikber stelle dy't it MKB helpe moatte mei de oanfragen foar it jild.

It giet de provinsje finansjeel foar de wyn. It ôfrûne jier waard goed 21 miljoen euro oerhâlden. Dat komt mei troch de ferkeap fan obligaasjes. It stribjen is alle jierren rûn de 5 oant 10 miljoen euro oer te hâlden.

NUON-reserves

It bedrach liket wat fertekene. In grut part fan de begrutting bestiet út jild út de Nuon-reserves. Dit jier waard 128 miljoen euro fan dat bedrach yn de begrutting pompt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)