'MKB-jild út Nuonpot mei net'

18 nov 2013 - 12:03
  • Provinsjehûs Ljouwert

It provinsjaal ynvestearringsprogramma om midden- en lytsbedriuwen mei Nuonjild te stypjen kin mooglik net trochgean. Ger Jaarsma fan de Kredytbank Nederlân kaam mei it idee, dat bedriuwen dy't it swier hawwe by de Kredytbank Nederlân oanklopje kinne soene om jild te lienen. De provinsje hat it plan oan it begjin fan dizze moanne goedkard en dêr 20 miljoen euro út de Nuonpot foar beskikber steld. No docht bliken dat dat nei alle gedachten tsjin Europeeske regels is.

Deputearre Steaten prate tiisdei oer de kwestje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)