MKB: '8000 banen fuort'

16 jul 2004 - 16:19

It skrassen fan de finansjele stipe oan Noard-Nederlân giet fan 2007 ôf ten koste fan achttûzen banen. Dat makket ûndernimmersferiening MKB Noord bekend. Steatssekretaris Van Gennip wol oer twa jier 60 miljoen euro minder jaan.

As dat fuotfalt, kostet dat 2000 banen yn 't jier, hat MKB Noard berekkene. De negative effekten fan it skrassen fan de Ryksbydrage wurket de kommende jierren ek noch troch. Dêrom komt it totale tal ferdwinende banen op 8000.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)