Mjitgegevens oer Waadsee bondelje yn ien systeem

18 maaie 2015 - 19:38
  • Waadgebiet

Der moat ien sintraal systeem komme dat yn de gaten hâldt hoe't it giet mei de Waadsee. Dat wolle behearders fan it gebiet en guon bedriuwen dy't op it Waad wurkje. Dan giet it bygelyks om de trije provinsjes oan it Waad, Rykswettersteat en de NAM.

De behearders sammelje gegevens dy't sy brûke om it Waad goed te behearen. De bedriuwen dogge ek allegearre mjittings dy't oantoane moatte dat harren aktiviteiten it Waadgebiet gjin skea dogge. Se wolle no mear mei-elkoar gearwurkje om al dy gegevens te bondeljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)