Mjitfyts mjit ferkearssituaasjes

26 nov 2003 - 00:00

In spesjale mjitfyts fan it Lanlike Fytsersbûn rydt woansdei en tongersdei troch Fryslân. Op fersyk fan it Frysk Jeugdparlemint ûndersiket de mjitfyts de feiligens fan fiif rûtes dy't in soad troch skoalbern brûkt wurde, nei Ljouwert, Snits, Drachten en It Fean.

Piet van der Linden fan it Fytsersbûn berydt de mjitfyts dy't lûdsoerlêst, breedte fan fytspaden, oersjoch fan ferkearssituaasjes en wachttiden by ferkearsljochten mjit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)