Mitchell Piqué ferlit Cambuur

17 mrt 2006 - 00:00

Ferdigener Mitchell Piqué ferlit oan de ein fan it seizoen Cambuur Ljouwert. Piqué hat dan twa seizoenen by Cambuur fuotballe. Neffens Piqué sels binne der ferskate klubs dy't him wol hawwe wolle. Moandei siet in waarnimmer fan it Belgyske Roeselaere foar him op de tribune en ek De Graafschap en Sparta soene belangstelling hawwe.

Piqué wol hiel graach noch in perioade winne mei Cambuur. Mar dan moat freed wol wûn wurde fan Dordrecht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)