Misthoarn Harns is ferline tiid

11 nov 2014 - 15:07
  • Misthoarn

De misthoarn yn de haven fan Harns sil net mear klinke. De hoarn is stikken en wurdt net mear makke. Rykswettersteat hat lanlik bepaald dat hoarns dy't stikken binne net mear makke wurde omdat se achterhelle binne. It is in âlderwetsk middel om skippen by mist de haven binnen te loadsen. Mar de hjoeddeistige skippen hawwe allegearre apparatuer oan board dy't dat ek kinne.

Ofrûne simmer is de hoarn noch wol reparearre. Dat koe doe fergees dien wurde. No't er wer stikken is moatte kosten makke wurde en dat wol Rykswettersteat net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)