Misthoarn fan Harns dochs werom yn de haven

18 des 2014 - 19:17
  • Misthoarn

De misthoarn fan Harns komt begjin takom jier dochs werom yn de havenstêd. Dat meldt de gemeente op syn webside. Koartlyn waard de hoarn fuorthelle út de haven, om't er stikken wie en net mear makke wurde koe.

Yn Harns waarden goed 1000 hantekeningen oanbean oan boargemaster Sluiter tsjin it fuortheljen fan de misthoarn. Dat wie reden foar de gemeente om de hoarn oer te nimmen fan Rykswettersteat. Begjin takom jier sil de misthoarn wer yn de haven stean.

Rykswettersteat fûn reparaasje net nedich, om't hjoeddeistige skippen allegearre apparatuer oan board hawwe, dy't it wurk fan in misthoarn oerstallich makket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)