Missy yn Kirgizië begûn

03 jan 2003 - 00:00

De hûndertfyftich militêren fan de Ljouwerter fleanbasis dy't yn Kirgizië sitte, binne noch fol goede moed. Sy binne no trije dagen yn Manas, om te helpen de frede te bewarjen yn Afghanistan.

De Ljouwerters jouwe de Amerikanen stipe troch kontrôlefluchten. De missy stiet net te boek as ekstreem gefaarlik. De omstannichheden binne goed, al is it frij kâld. De militêren bliuwe 3 moannen fuort, mooglik langer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)