Miss Etam Drachten ûntromme fanwege brânlucht

10 mrt 2015 - 16:55
  • De winkel oan de Noarderbuert waard ûntromme troch de brânwacht

De winkel fan Miss Etam oan de Noarderbuert yn Drachten hat tiisdeitemiddei koarte tiid ûntromme west fanwege in frjemde lucht. Meiwurkers fan de saak tochten dat earne wat yn brân stie. De brânwacht koe lykwols neat fine. Nei de kontrôle koene it personiel en de klanten wer nei binnen.

Wol advisearre de brânwacht noch om de ynstallateur te beljen en de systemen kontrolearje te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)