Misledigingen Hynstestamboek

17 jan 2004 - 00:00

It bestjoer fan it Frysk Hynstestamboek wol wite hokker leden op it ynternetfoarum onsfrieschepaard.nl swiere misledigingen uterje. In groepke leden beskuldiget op it webfoarum anonym de besjoersleden fan opljochting.

De webmaster wegeret oant no ta om de nammen bekend te meitsjen. It bestjoer fan it stamboek hat by de rjochtbank fan Ljouwert tsjûgeferhear oanfrege. Se wolle de webmaster hearre oer de kwestje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)