Mislearre ramkreak yn Ljouwert

25 jun 2013 - 08:21

Kriminelen hawwe tiisdeitemoarn besocht de pinautomaat fan de ABN Amrobank op de Ljouwerter Huzumerleane iepen te rammen. Foar de automaat wiene gassilinders pleatst, wêrnei't der mei in auto op ynbotst waard. De ramkreak mislearre, omdat de silinders net ûntploften. De auto, dy't stellen wie, fleach wol yn brân. De beide dieders wisten te ûntkommen, nei alle gedachten op in brommer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)