Mislearre proef by skiekunde

17 nov 2004 - 09:49

De VMBO-lokaasje fan skoalmienskip Singelland yn Burgum is ûntromme. Dat wie nedich nei't in proef mislearre yn it skiekundelokaal. By de proef mei fosfor kamen gassen frij. Guon bern yn it lokaal waard dêrtroch net goed. Se hienen problemen mei sykheljen.

Der bruts ek brân út. Omstanners koenen it fjoer blusse. De brânwacht is dwaande de romte te fentilearjen. Net ien rekke ferwûne. De bern wurde wol ûndersocht troch de GGD.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)