'Mislearjen Dost leit by Ajax'

02 feb 2011 - 15:45

Sportclub Hearrenfean ûntkent dat de oergong fan Bas Dost nei Ajax hast rûn wie. Earder sei de saakwaarnimmer fan Dost dat de beide klups moandei flak foar tolven oerienstimming berikten, mar dat de oergong net trochgie om't SC Hearrenfean it administratyf net mear rûn krije koe.

Neffens SC Hearrenfean leit de skuld krekt by Ajax om't dêr tsjin tolven net mear de ferantwurdlike minsken te berikken wiene om op in lêste bod fan SC Hearrenfean te reagearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)