Mishannelster jout harsels oan

22 sep 2011 - 10:15

In frou út Wolvegea dy't socht waard foar mishanneling fan in âlder echtpear, hat har melden by de plysje. De frou (25) sloech op sneon 10 septimber in frou (77) út Noardwâlde hurd yn it gesicht. Dat wie yn in winkel oan it Van der Sandeplein yn Wolvegea.

In foto fan de fertochte waard op de plysjesite dadergezocht.nl set. Omdat se dêr troch minsken op oansprutsen waard, hat de fertochte har melden. Der is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)