Mishannelings yn Ljouwert

20 maaie 2011 - 10:17

In jonge fan 19 út Kollumersweach is tongersdei op de Twabaksmerk yn Ljouwert mishannele. De jonge rekke in hûn doe't er syn auto parkeare woe. In man út Bitgum seach dat en pakte in stik hout, dêr't er de ruten fan de auto mei ynsloech. It slachtoffer stapte út en krige in klap mei it stik hout op de holle.

Tsjûgen bellen de plysje. Dy hat de fertochte meinaam nei it buro. It slachtoffer rekke ferwûne oan de holle en moast troch in dokter holpen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)