Mishanneling yn Surhuzum

11 sep 2006 - 10:14

In 46-jierrige man út Surhuzum hat by de plysje oanjefte dien fan mishanneling. De man soe sneontejûn by syn hûs slein wêze troch twa manlju. De twa, in Surhuzumer (33) en in man út Strobos (31), wiene by de man op besite kaam foar it lykmeitsjen fan in skuld.

It slachtoffer gie net mei de oplossing akkoart, wêrnei't de oaren him sloegen en in part fan de ynboedel fernielden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)