Mishanneling yn Noardburgum

22 nov 2009 - 15:33

In 22-jierrige man hat yn de nacht fan sneon op snein twa jonges fan 17 jier mishannele yn Noardburgum. Dat barde by in kafee oan de Ryksstrjitwei. De beide jonges, út Broeksterwâlde en Dokkum, soene sûnder oanlieding slein wêze troch de fertochte.

De jonge út Broeksterwâlde moast mei de ambulânse oerbrocht wurde nei it MCL yn Ljouwert. Dêr waard er behannele oan syn ferwûnings. De fertochte is ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)