Mishanneling yn Ljouwert

08 nov 2009 - 15:57

In 26-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan sneon op snein oanholden op fertinking fan mishanneling. De man wie troch portier in hoarekagelegenheid op de Nijstêd útset omdat er dêr rúzje makke hie.

Op strjitte seach de Ljouwerter de man dêr't er earder rúzje mei hân hie. Hy besocht de man te slaan. Plysjes grypten fuortdaliks yn en woene de man ûnder kontrôle bringe, mar hy fersette him bot. De Ljouwerter waard yn de boeien slein en nei it buro oerbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)