Mishanneling yn Ljouwert

05 maaie 2009 - 10:08

De plysje docht ûndersyk nei de mishanneling fan in 36-jierrige ynwenner fan Ljouwert. Op it Súdfliet yn Ljouwert ûntstie in fjochtpartij. It slachtoffer waard troch trije persoanen yninoar slein en rekke dêrby ferwûne.

De plysje hat nei de melding noch wol nei de fertochten socht, mar koe se net mear fine. It slachtoffer is mei ferskate ferwûnings nei it sikehûs brocht. Oer de oanlieding is neat bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)