Mishanneling yn Ljouwert

02 sep 2007 - 17:59

In 26-jierrige ynwenner fan Drachten is yn de nacht fan sneon op snein troch de plysje oanhâlden yn de Grutte Heechstrjitte yn Ljouwert. De man wurdt derfan fertocht in 21-jierrige man út Sint Anne slein te hawwen.

De beide manlju hiene wurden oer in famke. Doe't de freon (21) fan it slachtoffer tuskenbeide komme woe, waard ek hy slein. De Drachtster is meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)