Mishanneling yn Ljouwert

21 apr 2006 - 10:44

De plysje hat yn de nacht nei freed yn Ljouwert twa manlju oppakt foar mishanneling. De fertochten, twa Ljouwerters (21 en 23 jier), soene oan de Nijstêd in tal manlju yn inoar slein ha.

Twa Ljouwerters (21 en 31 jier) rekken dêrby ferwûne. Se seinen tsjin de plysje dat se mishannele wiene. Tsjûgen fertelden de plysje dat der noch in tredde man yn inoar slein wie. De fertochten waarden letter oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)