Mishanneling yn Ljouwert

22 des 2012 - 13:12

In 20-jierrige besiker fan in kafee oan de Doelesteech yn Ljouwert is freedtejûn swier mishannele. Hy krige wurden mei in oare besiker en waard doe fan achter troch in ûnbekend persoan mei in glês op de holle slein. Doe't hy op de grûn foel en út de tiid rekke waard hy neffens tsjûgen noch meardere kearen tsjin de holle skopt. Hy moast troch in dokter behannele wurde. De plysje stelt in ûndersyk yn nei de mishanneling. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)