Mishanneling yn Kollumersweach

08 okt 2010 - 20:18
  • Man út Kollumersweach mishannelt oare man

In 57-jierrige man út Kollumersweach is freed oppakt om't er in oare man út Kollumersweach mishanne hat. It 62-jierrige slachtoffer belle de plysje nei't de man him ferskate kearen slein hie. Dat barde foar it hûs fan it slachtoffer.

It is net dúdlik wêrom't de fertochte de man sloech. De 57-jierrige man is oerbrocht nei it plysjeburo. Nei ferhoar mocht er wer nei hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)