Mishanneling yn klaslokaal

28 jan 2005 - 18:49

In jonge (16) is tongersdei op it Marne Kolleezje yn Boalsert mishannele. Fjouwer jonges út Harns sloegen him yn in lokaal mei in izeren staaf en in aluminium buis. Se hiene spul oer in fuotbalwedstriid tusken Boalsert en Harns. De rûzje rûn folslein út de hân.

De fjouwer waarden earst tsjinhâlden troch de konsjerzje fan 'e skoalle. Yn de Gysbert Japickstrjitte bedrigen se de jonge. Dy flechte nei de skoalle, mar waard dêr dochs pakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)