Mishanneling yn Ie

01 apr 2007 - 15:03

De plysje hat yn de nacht nei snein in ynwenner (41) fan Ie oanholden op fertinking fan mishanneling. De man hie in 16-jierrige jonge út Muntsjesyl yn it gesicht slein. De oanlieding is noch net dúdlik. It slachtoffer hearde by in groep dy't krekt in feesttinte oan de Stienfeksterwei ferlitten hie.

De fertochte melde by de plysje dat de groep yn syn tún mygde en fernielings yn syn tún oanrjochte. Dêrtroch ûntstie rúzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)