Mishanneling yn Hurdegaryp

05 feb 2009 - 10:00

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling yn Hurdegaryp. In brommerrider waard tiisdeitejûn mishannele troch in autobestjoerder. Doe't de bromfytser de auto passearje soe, die de automobilist ynienen de doar iepen. De bestjoerder stapte út en begûn de bromfytser te mishanneljen.

In tsjûge besocht de manlju út elkoar te heljen. Uteinlik stapte de man wer yn de auto en naaide út. Ek de bromfytser gie doe fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)