Mishanneling yn Heech

14 jul 2009 - 09:59

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling yn Heech, it ôfrûne wykein. Dêr foelen twa slachtoffers by. In groep jonges skopte en sloech in 17-jierrige jonge út Harskamp. Hy rekke ferwûne oan syn gesicht.

In oare jonge waard troch de groep yn it wetter smiten. De groep ferdwûn úteinlik rjochting supermerk. De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe, oft se har melde wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)