Mishanneling yn Harns

05 feb 2010 - 10:53

De plysje hat tongersdeitemiddei yn Harns in 39-jierrige man út dy stêd oanholden foar mishanneling. In 57-jierrige plakgenoat hie de plysje belle en ferteld dat er de fertochte op strjitte tsjinkaam wie. De fertochte soe him ferline jier sûnder oanlieding mishanneling hawwe. It slachtoffer woe him dêr no op oansprekke. Dêrop begong de fertochte te slaan.

De plysje koe de man oanhâlde. Tsjûgen wurdt frege har te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)