Mishanneling yn Frjentsjer

21 sep 2008 - 13:05

In 21-jierrige en in 20-jierrige man út Frjentsjerteradiel binne sneontenacht yn Frjentsjer oanhâlden omdat se in 19-jierrige jonge út Stiens mishannele ha soene.

Der wie rúzje ûntstien op de Foarstrjitte en dêrby foelen flinke klappen. Tsjûgen makken de plysje attint op de twa fertochten. Der wie ek noch in tredde persoan by de rúzje belutsen. De plysje siket noch út wa't dat is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)