Mishanneling yn Drachten

02 mrt 2008 - 14:25

De plysje hat sneontenacht in jonge (17) fan Oerterp oanholden foar mishanneling. Plysjeminsken waarden om 01.20 oere hinne op de Noordkade yn Drachten oansprutsen troch in Drachtster (17). Hy hie in bloednoas en sei dat er mishannele wie.

Op syn oanwizing waard de fertochte oanholden. De fertochte sei dat er opkommen wie foar syn maat omdat dy oanfallen wie troch de oanjouwer. Syn maat wist lykwols fan neat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)