Mishanneling yn Drachten

28 feb 2014 - 11:27
  • Geweld

In 29-jierrige man út Grinslân is tongersdeitemiddei oppakt, om't er twa minsken op De Bloemkamp yn Drachten mishannele hat. De fertochte rûn tsjin in 21-jierrige frou út Drachten oan. Doe't har man (27) dêr wat fan sei, waard er tsjin de holle slein. De frou hat besocht it del te bêdzjen, mar waard ek slein.

In autobestjoerder seach de fjochterij en belle de plysje. Dy hat de Grinslanner oppakt. By de arrestaasje die bliken dat de fertochte twa messen by him hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)