Mishanneling yn Dokkum

23 aug 2009 - 16:30

Trije manlju (twa fan 19 en ien fan 20, allegear út Holwert) binne sneintemoarn oanholden yn Dokkum foar it mishanneljen fan in man. De manlju hiene tsjin de autodoar fan it slachtoffer oanskopt.

Doe't er útstapte om ferhaal te heljen, waard er samar skopt en slein. Dêrnei naaide de groep gau út. Plysjes fûnen de manlju letter yn in hoarekagelegenheid. Se binne oerbrocht nei it buro en dêr ynsletten. Tsjin har is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)