Mishanneling yn Dokkum

14 jun 2009 - 14:08

In 24-jierrige Dokkumer en in 37-jierrige man út Wormerveer binne yn de nacht fan sneon op snein oanholden yn de Heechstrjitte yn Dokkum. Se wurde fertocht fan it dwaan fan fernielings en fan mishanneling.

Nei in melding fan reboelje op de Merk gongen plysjes nei it plak. Yn de Heechstrjitte seagen se dat de man út Dokkum in stoel yn de rjochting fan in rút fan in hoarekagelegenheid smiet. Dêrnei joech er in man dy't hjir wat fan sei in fûstslach tsjin de holle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)