Mishanneling yn Doelesteech

08 aug 2010 - 14:48

In 26-jierrige man út Delft en in 23-jierrige Ljouwerter binne yn de nacht fan sneon op snein troch de plysje oanhâlden yn de Oude Doelesteech yn de Fryske haadstêd. Se wurde fertocht fan mishanneling.

De plysje hie fia kameratafersjoch sjoen dat der twa groepen spul mei elkoar krigen hiene. Twa 17-jierrige jonges wiene dêrby ferwûne rekke. Nei oanlieding fan de kamerabylden koene de twa fertochten oppakt wurde. De plysje hat se meinommen nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)