Mishanneling yn De Tynje

03 jun 2007 - 14:23

De plysje ûndersiket de mishanneling fan in automobilist út Akkrum (25), sneontemiddei op it Rakyn De_Tynje. Hy waard troch in oare autobestjoerder, dy't foar ried, oanmoanne om stil te hâlden.

De oare man stapte út en rûn nei de auto fan de Akkrumer ta. Hy sloech him troch it autorút hinne tsjin skouder en nekke. Dêrnei stapte er wer yn de auto en ried fuort. De plysje is op syk nei tsjûgen fan it ynsidint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)