Mishanneling yn Bûtenpost

01 maaie 2004 - 00:00

In ynwenner (20) fan Sumar is freed yn Bûtenpost yninoar slein troch twa manlju út Kollumersweach. Hy waard slein yn it gesicht en bliede út syn each en mûle. Tsjûgen hawwe de plysje op it spoar setten fan de twa manlju út Kollumersweach (18 en 20 jier).

Beide fertochten binne militêr en dêrom oerdroegen oan de Maresjaussee. In oare Kollumersweachster is ek oanhâlden om't er him dermei bemoeide. It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)