Mishanneling yn borrelbus

28 jun 2004 - 13:33

In 19-jierrige ynwenner fan Marrum is sneintemoarn betiid mishannele yn de borrelbus. Neffens tsjûgen waard de jonge sûnder oanlieding slein troch in ynwenner fan Hallum. Der hie skeel west tusken it slachtoffer en in groep jongeren.

Ien fan dy jongeren hie him fêstpakt en frege oft er fjochtsje woe. Doe't de jonge sei dat er dat net woe, krige er in knibbel yn it gesicht. De fertochte naaide út foar't de plysje der wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)