Mishanneling yn Boarn en Snits

09 aug 2009 - 15:36

In Aldeboarnster (21) is sneontenacht oanhâlden foar swiere mishanneling. Hy soe in Gordykster (20) yninoar slein ha yn de feesttinte yn Aldeboarn. Neffens in tsjûge soe de fertochte it slachtoffer wylst dat op de grûn lei, sa lang skopt hawwe oant dy út de tiid rekke. De Boarnster is fêstset op it plysjeburo. De Gordykster is foar ûndersyk oerbrocht nei it sikehûs.

Yn Snits is in Hagenaar (22) oppakt foar mishanneling fan in 20-jierrige Jouster dêr't er spul mei krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)