Mishanneling yn Boalsert

23 jul 2010 - 10:16
  • (Foto: Rudy Bouma/112Nederland.nl)

In 39-jierrige man út Boalsert is tongersdei oanhâlden op fertinking fan mishanneling. Op de Claude Fonteijnestrjitte yn de stêd wie fjochterij. Doe't de plysje oankaam fûnen se in man mei in beblet gesicht op de strjitte.

De man en wat omstanners ferklearren dat der in fjochtpartij west hie en dat in 39-jierrige man dêr de oarsaak fan wie. Hy soe ek mei in mes drige ha. Hy is yn in wenning yn de strjitte oanhâlden en meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)