Mishanneling yn Berltsum

13 feb 2011 - 14:03

In jonge (18) út Sint Anne is sneontenacht oppakt. Yn in útgeansgelegenheid yn Berltsum krige er spul mei in Jorwerter (19). De fertochte sloech him mei in fleske bier. It slachtoffer hie in harsenskodding. De Sint Annebuorster is foar ûndersyk nei it buro brocht.

Twa jonges (17) út Drachten en Bakkefean binne sneon oanhâlden. Se hiene yn in hoarekagelegenheid oan de Noardkade yn Drachten twa oare besikers skopt en slein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)