Mishanneling yn Appelskea

20 apr 2010 - 10:06

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling yn Appelskea yn de nacht fan sneon op snein. In 21-jierrige man út Roggel wie op stap yn Appelskea en is yninoar slein doe't er om healwei fjouweren nei hûs ta soe. By in kafee oan de Vaart ZZ hold in groep jongeren him tsjin. Twa jonges op scooters blokkearren de dyk, de oaren begûnen de man te skoppen en te slaan.

It slachtoffer rekke ferwûne en foel op strjitte. De groep gie lykwols troch mei it skoppen en slaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)