Mishanneling troch Penjumer

13 jan 2011 - 10:58

De plysje hat woansdeitenacht op de Heliconwei yn Ljouwert in 25-jierrige ynwenner fan Penjum oanhâlden. De man wurdt derfan fertocht in 21-jierrige Ljouwerter yn syn wenning oan it Keetwaltje mishannele te hawwen.

De twa hiene earder op de jûn op in feestje spul hân, mar dat wie neffens de Ljouwerter útpraat. De Penjumer kwaam lykwols letter de wenning fan de Ljouwerter yn en sloech him mei in tange op 'e holle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)