Mishanneling troch lilke feint

01 mrt 2001 - 00:00

In ynwenner fan It Hearrenfean is woansdeitenacht yn syn wenplak mishannele. Hy melde him by de plysje mei de holle ûnder it bloed. Neffens eigen sizzen wie er mei in frou meigien nei in hûs oan it Setfjild.

Dêr wie lykwols ek de feint fan de frou. Hy naam de man syn jild ôf en sloech him it hûs út. De plysje hat it slachtoffer nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)