Mishanneling sûnder oanlieding

25 feb 2010 - 10:07

In 15-jierrige jonge út Ljouwert is woansdeitenacht yn 'e buert fan 'e Gymnasiumstrjitte yn syn wenplak sûnder oanlieding mishannele. De jonge hie mei in freon nei in feestje west. Doe't se bûtendoar kamen, waard er troch in groepke fan fjouwer jonges yn it gesicht slein. De jonge koe syn belagers net.

It slachtoffer rekke ferwûne oan it gesicht. Hy hat de plysje ynskeakele om de dieders te pakken te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)