Mishanneling Snits oplost

03 aug 2006 - 07:29

De mishanneling fan twa jonges en in famke út Drylts is oplost. Sneontejûn waarden de trije yn Snits mishannele. Se hiene krekt in iisko kocht en rûnen nei it Martiniplein. De plysje hat twa jonges en in famke út Snits oanhâlden.

It 12-jierrich famke bekende dat se belutsen wie. Se hat har sels by de plysje meld, lykas de twa jonges fan 12 en 13 jier. In echt motyf wie der net. Plysje, bernebeskerming en justysje oerlizze oer wat te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)