Mishanneling Sinteklaasyntocht

05 des 2011 - 13:46

In 57-jierrige ynwenner fan Surhústerfean is sneontemiddei swier ferwûne by in mishanneling troch in automobilist. It slachtoffer hie de man yn de auto oansprutsen, omdat er roekeleas oer De Kolk yn it doarp ried. Der wiene op dat stuit fanwege de yntocht fan Sinterklaas in soad minsken mei bern yn de winkelstrjitte.

It slachtoffer woe de man wize op it gefaar fan syn roekeleas riden, doe't de bestjoerder de autodoar tichtklapte. Dêrby rekke er it ear fan de 57-jierrige man. It ear skuorde dêrby ú. Fierders kaam it slachtoffer mei de hân tusken de doar te sitten. Uteinlik kaam de hân wer los, mar hy hie wol kniesde fingers. De man yn de auto ried hurd fuort. Minsken mei bern moasten oan de kant springe. De plysje wit ûndertusken wa't de man yn de auto is. It slachtoffer wie ynhierd troch de organisaasje om de yntocht yn goede banen te lieden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)