Mishanneling by pin Ljouwert

17 jun 2006 - 14:46

De plysje ûndersiket in mishanneling by in pin-automaat oan de Grutte Heechstrjitte yn Ljouwert. In 29-jierrige frou yn in rolstoel soe pinne, doe't se belle waard. Dat duorre in oare 77-jierrige klant te lang.

Dy sei dat de pin-automaat gjin telefoansel wie. Dêrnei waarden oer en wer klappen en skoppen útdield. De plysje hat al ferskate tsjûgen heard, mar docht noch mear ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)